Dit jier spylje wy it stik:
Op de ferkearde foet
In klucht yn trije bedriuwen fan Pol Anrys
Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra
Angelique is 40 en wanhopich op ‘e siik nei de leafde. Se wennet mei har mem op in âlde buorkerij yn de Switserske Alpen.
Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as Angelique, sy as Angelo.
Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe pas moarn komme, mar hy is in dei te gau en it blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique,ferklaaid as Angelo,docht iepen. Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique.
De swiericheden folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.